Gemeenteriedsferkiezingen 2026
Kandidatenlist
Mei grutskens meitsje wy de kandidatenlist bekend foar de kommende gemeenteriedsferkiezingen. Us list telt 17 kandidaten: in entûsjaste ploech minsken, mei in moaie fariaasje yn eftergrûn, ûnderfining en leeftyd. Wat harren ferbynt is dúdlik: earlikens, iepenheid en transparânsje, mei de minsklike mjitte altyd foarop.
Neffens de partij stiet de list symboal foar in groep dy’t ticht by de ynwenners stean wol. Wy hawwe minsken dy’t praktysk ynsteld binne, minsken dy’t sterk binne yn organisearjen, minsken dy’t wend binne ferantwurdlikens te dragen en minsken dy’t benammen hiel goed lústerje kinne. Dy miks is ús krêft. Wy wolle berikber wêze, dúdlike karren meitsje en foaral: dwaan wat wy sizze.
Dêrom is ús slogan: VPO DOET!
De kandidaten hawwe ien mienskiplik útgongspunt: polityk moat begryplik en tagonklik wêze. Wy wolle dêrom wurkje oan in bestjoersstyl wêryn ynwenners witte wêr’t se oan ta binne, wêryn besluten goed útlein wurde en wêryn romte is foar maatwurk as regels knypje.
Twa kandidaten steane net op ’e foto fanwegen ferplichtingen earne oars, mar ûnderstreekje de koers en plannen fan de partij folslein en binne dúdlik ûnderdiel fan it team. Wy sjogge mei fertrouwen foarút: posityf, konstruktyf en út eigen krêft. Wy geane foar in gemeente dêr’t ynwenners har serieus nommen fiele, en dêr’t fertrouwen weromkomt yn hoe’t der bestjoerd wurdt.

Us list
Ben Oostra (duo lijsttrekker)
Sietse Derks (duo lijsttrekker)
3. Monique Verburg
4. Hennie Slagter
5. Michael Weiland
6. Erik Hartholt
7. Frouke Heuvelman
8. Albert Nieuwenhuis
9. Franke de Boer
10. Martie Boersbroek
11. Edwin van der Meulen
12. Fred Rademaker
13. Irma Kleine
14 Anneke Kromhout
15. Jitze Veenstra
16. Dora Remie
17. Petra de Vries




webside oanmeitsje