BESTJOER, ORGANISAASJE EN OWO – werom nei de kearn

 

De gearwurking mei Opsterlân en Weststellingwerf (OWO) is oarspronklik opset mei in goed doel: kennis diele, kosten behearskje en de kwaliteit fan de tsjinstferliening ferbetterje. Mar de praktyk is oars ferrûn. It is in swier en stroperich apparaat wurden, wylst it oantal amtners wer groeit. De gemeente moat gjin ûnhandich bestjoersblok wêze, mar in tsjinstbere organisaasje: tagonklik, dúdlik, effisjint en ticht by de minsken. De VPO seit: werom nei de bedoeling.

 

De gearwurking yn OWO kin sin hawwe, mar dan moat dy slanker, dúdliker en transparanter wêze

OWO is bedoeld om de trije gemeenten sterker te meitsjen troch gearwurking, net om noch in ekstra bestjoerslaach en yngewikkens deroerhinne te lizzen. No is it te grut, te traach en te min ynsjochlik — sawol foar ynwenners as foar riedsleden. De VPO wol dat OWO lytser, effisjinter en iepener wurdt, mei dúdlike ferantwurdlikheden en in helder sicht op kosten en besluten. Gearwurkje mei ferstân, net mei gewoante.

 

De gemeente moat har wer rjochtsje op har kerntaken

Goede tsjinstferliening oan ynwenners, feilichheid op strjitte, leefbere doarpen en handhaving dêr’t dat nedich is om oerlast en kriminaliteit oan te pakken — net om gewoane minsken te pesten mei regels en kontrôles. De ôfrûne jierren is der te folle oandacht en jild nei bysaken gien, wylst minsken wachtsje op antwurden, help en sichtbere oanwêzigens fan de gemeente. Minder rompslomp, mear praktyk. Minder papier, mear ferstân.

 

Bestjoer moat iepen en earlik wêze

Besluten hearre net yn sluten keamerkes nommen te wurden, mar yn it ljocht fan it publyk. Elk minske hat rjocht op gelikense behanneling, ûnôfhinklik fan wa’t men is of wa’t men ken. De VPO seit dúdlik nee tsjin foarkarsbehanneling, efterdoarôfspraken en freontsjespolityk.

De gemeente moat ynwenners op tiid en dúdlik ynformearje oer plannen en besluten — yn taal dy’t elkenien ferstean kin. Dêrom skriuwt de VPO it hiele ferkiezingsprogramma ek yn maklik lêzbere taal, sadat alle ynwenners witte wêr’t wy foar steane. Bestjoer is der foar elkenien, net foar in lytse groep yn in hantfol keamers. Yn Nederlân binne twa offisjele talen; dêrom sil ús webside beskikber wêze yn it Nederlânsk én yn it Frysk.

 

De VPO wol ek dat de gemeente minder jild útjout oan eksterne adviseurs en ûndersiken

Der wurdt te faak betelle foar papieren rapporten, wylst der kennis genôch is binnen de mienskip. Ynwenners, ûndernimmers en ferienings witte faak folle better wat der nedich is. De gemeente moat dy kennis brûke yn plak fan altyd minsken fan bûten yn te hieren. De oplossing leit faak al tichtby — as je mar lústerje.

 

Mear dwaan mei wat wy al hawwe, minder tiid fergrieme oan papier en prosedueres. Dêr wurdt Ooststellingwerf sterker fan — en mear fan ús allegearre.