ENERZJY & KLIMAAT – realistysk yn stee fan radikaal
De Vrije Partij Ooststellingwerf seit nee tsjin de hastige energietransysje en ja tsjin sûn ferstân. De druk om hurd fan it gas ôf te gean is ûnrealistysk en bringt minsken yn de problemen. Wy wolle duorsumens mei logika – net mei dwang of dogma’s.
Stopje mei twongen fan-‘t-gas ôf
De VPO wol realistysk enerzjybelied, gjin twang. It ferplichte ôfkeppeljen fan gas soarget foar hege kosten en grutte ergernis, wylst duorsume alternativen faak noch net betelber of beskikber binne. Minsken moatte sels kieze kinne hoe’t se har hûs ferwaarmje. Stimuleren mei belied mei – twang net.
De gemeente moat ynsette op bettere isolaasje, fernijing, frijheid fan kar. Duorsum kin ek sûnder twang.
De VPO is net tsjin verduorsuming, mar wol tsjin djoere subsydzjes dy’t troch elkenien betelle wurde, mar mar by in lytse groep telâne komme. In protte minsken kúnne dy ynvestearrings simpelwei net betelje, ek net mei subsydzje.
Gaswinning allinnich mei draachflak en feiligens
De VPO fynt dat enerzjyfeiligens en leveringssekerheid bespreekber bliuwe moatte – ek as it oer gaswinning giet. Wy slute neat by foarbaat út, mar: feiligens fan minsken stiet altyd foarop, draachflak yn ’e mienskip is nedich, ynwenners moatte meiprate en meiprofitearje
Gjin besluten oer minsken hinne – mar mei de minsken dy’t it oangiet.
Earst betroubere netkapasiteit, dan nije projekten
It elektrisiteitsnet sit fol: bedriuwen kinne net útwreidzje en ynwenners wachtsje op oanslutings. Dêrom wol de VPO dat de gemeente aktyf oerlis siket mei: netbehearders, enerzjyleveransiers, provinsje en druk set om te ynvestearjen yn ús plattelân. Sûnder betroubere netkapasiteit, hat nij belied gjin sin, is der gjin draachflak, falt wenningbou en ûndernimmen stil. Earst ynvestearje yn wat wurket – dan plannen meitsje. Dielname en meiprofitaasje foar ynwenners.
De VPO is net tsjin duorsume enerzjy, mar wol tsjin projekten dy’t: oandien wurde sûnder goedkarring, oerlêst jouwe oan doarpen of besluten wurde yn efterkeamers.
Enerzjybelied wurket allinnich as minsken: meiprate, meibeslute en meiprofitearje
Betaalbere enerzjy foar ynwenners en bedriuwen
De gemeente bepaalt net de lanlike enerzjypriis, mar kin wól: lokaal lêsten leech hâlde, gearwurkje mei lokale enerzjykoöperaasjes, mienskiplike ynkeap stimulearje, isolaasjeprojekten stypje, lokaal opwekjen fasilitearje. Mei oare wurden: Betaalbere enerzjy begjint mei lokaal sûn ferstân.


webside oanmeitsje