Franke de Boer

Myn namme is Franke de Boer. Ik wenje yn Ravenswâld mei myn gesin en hâld fan it bûtenlibben. Ik genietsje fan túnkjen en fan bisten om my hinne; wy hawwe ûnder oaren hinnen en einen.

De natuer om ús hinne fyn ik prachtich, mar dy moat wol leefber bliuwe. As wy allegear rekken mei elkoar hâlde, komme wy fierder as troch inoar ferwiten te meitsjen. Elk minske moat ite kinne en in plak hawwe om te wenjen.

Ik kies foar de VPO omdat ik fyn dat de polityk sa’t dy no fierd wurdt net goed útpakt foar de gewoane boarger. It moat iepener, earliker en better begryplik wurde. Gjin efterkeamerpolityk, mar dúdlike keuzes.

Ek foar ús bern moat der genôch wenromte wêze. Dêrom set ik my yn foar in polityk dy’t ticht by de minsken stiet.